Itnijs.nl is de Fryske nijsside fan Fryslân. Net allinnich troch de 50 entûsjaste frijwilligers dy’t konstant soargje foar in nije stream fan berjochten mar ek omdat alle berjochten yn it Frysk stean.
De reden dat de hiele webside te lêzen is yn it Frysk komt troch de opdrachtjouwer, De Rie fan de Fryske Beweging. Dizze organisaasje hat as doel Fryske taal en kultuer te hoedzjen en te stimulearjen. Mei help fan dizze Fryske nijsside hopet de Rie dizze doelstellings realisearje te kinnen.
It ûntwikkeljen fan in goede nijsside is net sa ienfâldich. Sawol op it organisatoaryske as op it technyske flak komt der hiel wat by te sjen. It technyske aspekt hat Pronamic foar har rekken naam wêrby’t ek rekken hâlden is mei de frijwillige organisaasje efter de webside. Pronamic hat dus net allinnich in technysk en grafysk goede webside makke mar ek in nijsside wêrmei in grutte organisaasje fan frijwilligers sûnder al te folle technyske kennis goed mei wurkje kin. Pronamic is dus net allinnich ûntwikkeler mar tinkt ek graach mei klanten mei.
Yn goed oerlis mei de RfdFB is bygelyks keazen foar WordPress. WordPress is in programma dat it mooglik makket teksten en ôfbyldingen te behearen. Dit programma is ideaal foar it behearen fan in nijsside troch ferskate frijwilligers. Dêrneist foldocht dit programma oan de easken om heech bij Google te kommen. Neist Google en it behearprogramma binne der noch folle mear saken wêr’t Pronamic yn oerlis mei de opdrachtjouwer mei rekken hâlden hat. Sa is it navigearjen ienfâldich en kinne de statistiken fan de side maklik analysearre wurde. Allegear saken dy’t der foar soargje moatte dat itnijs.nl de nijsside fan Fryslân wurdt.